Ziggo sjocht werom op slagge operaasje op De Gordyk

Kabelmaatskippij Ziggo sjocht werom op in slagge dei op De Gordyk. Dêr waard moandei de ôftraap jûn foar it oanpassen fan it tv-sinjaal. By sawat 13.000 klanten fan Ziggo op De Gordyk sprong de televyzje op swart.
Ziggo keas foar De Gordyk om't dêr yn ferhâlding de minste klanten binne. Neffens Ziggo is de operaasje sûnder grutte problemen ferrûn. Doel is om de sinjaalkwaliteit te ferbetterjen, mar dêrfoar moat alles op 'e nij opstart wurde.
Benammen âldere minsken hienen problemen om de tillevyzje wer op 'e nij yn te stellen. Ziggo hie dêr rekken mei holden mei in spesjaal serviceteam. De ûnderfinings op De Gordyk wurde troch Ziggo evaluearre en tapast op oare plakken dêr't se it sinjaal oanpasse sille.