Baggerskippen stoarte 2 miljoen kúb sân by It Amelân

05 jan 2015 - 21:12
  • Baggerskip tusken Holwert en It Amelân

Rykswettersteat set tiisdei op It Amelân útein mei stoartwurksumheden om it eilân tsjin seewetter te beskermjen. Tusken peal 12 en peal 17 stoarte baggerskippen op 500 oant 1000 meter út de kust 2 miljoen kúb sân op de seeboaiem.

It wurk duorret sawat fjouwer moanne, en it giet sân dagen yn 'e wike, dei en nacht, troch. De wurksumheden feroarsaakje neffens Rykswettersteat gjin oerlêst foar strânbesikers. Wettersporters moatte al in feilige ôfstân bewarje fan it baggerskip.

Yn 2015 wurdt ek ekstra sân stoart op it strân by It Amelân-Noardwest tusken peal 1 en peal 3. En yn 2015 of 2016 wurdt by It Amelân-Súdwest tusken peal 46 en peal 48 sân oanbrocht by de slykwand fan it Borndjip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)