Jubileumfeest It Houtsje giet dochs troch

05 jan 2015 - 16:13
  • Kafee It Houtsje op It Hearrenfean

It jubileumfeestje fanwege it 25-jierrich bestean fan kafee It Houtsje op It Hearrenfean kin gewoan trochgean. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan. Eigener Tom Mulder fan It Houtsje joech earder oan dat er fan it feestje ôfsjocht om't de gemeente te folle en te strange regels opstelde. Sa waard syn terras fan 70 fjouwerkante meter as eveneminteterrein bestimpele. In misferstân, sa seit Van der Zwan. Hy hat mei eigener Mulder praat en it misferstân is oplost.

Mulder hat oanjûn dat it feest no dochs trochgean sil op 6 juny dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)