Personiel fan De Sionsberg is bliid mei de plannen

It personiel fan it fallite sikehûs De Sionsberg is posityf oer de oplossing dy't der no leit. Yn de plannen foar it nije sûnenssintrum fan ZuidOostZorg, de DC Klinieken en Cardiologie Centra Nederland is der romte foar 100 folsleine banen yn Dokkum. Personiel hat noch wol in soad fragen oer hokker foarmen fan soarch der krekt oanbean wurde sille, lykas de akute soarch.
Meiwurkers Marly Visser en Ria Talstra binne bliid dat der wat oerbliuwt fan it Dokkumer sikehûs en dat der op dizze wize noch altyd soarch levere wurde kin oan de regio.
Visser en Talstra hâlde noch hieltyd hoop dat der romte bliuwt yn it nije plan foar in foarm fan akute help en dei-opnames nei in lytse sjirurgyske yngreep. Hokker meiwurkers krekt in baan krije yn it nije sûnenssintrum is noch net bekend makke.