Eigener It Houtsje skrast feest fanwege te strange regels

05 jan 2015 - 15:05

Tom Mulder, eigener fan kafee It Houtsje op It Hearrenfean, sjocht ôf fan in feest fanwege it 25-jierrich jubileum fan de kroech. Yn juny hie Mulder optredens fan ferskate artysten pland op it terras fan it kafee. Doe't er in fergunning oanfrege, waard it him dúdlik dat it feest oan in soad regels foldwaan moast. Te folle en te strange regels, fynt er.

Mulder's terras waard bestimpele as eveneminteterrein. Hy moast dêrom befeiliging regelje en soargje foar maatregels yn gefal fan ekstreem waar of brân. Dêrmei wie foar Mulder de lol der ôf.

Der komt noch wol in petear tuksen de kafee-eigener en de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)