Fertochte oppakt yn Ljouwert foar gewelddiedige oerfal

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn in 26-jierrige man sûnder fêst wenplak oppakt op fertinking fan in gewelddiedige wenningoerfal oan de Parallelwei yn Den Haach. Op âldjiersnacht waard in 83-jierrige frou út Den Haach oerfallen. De frou krige fan de oerfaller in klap op 'e holle en moast mei ferwûnings nei it sikehûs brocht wurde.
Nei ûndersyk kaam de plysje fan Den Haag de 26-jierrige man op it spoar. Uteinlik koe de fertochte yn Ljouwert oanholden wurde, dêr't er yn it hûs fan in freon siet.