Soarchfersekerder De Friesland bliuwt selsstannich

Soarchfersekerder De Friesland bliuwt nei alle gedachten oant 2020 selsstannich. Dat sei Diana Monissen, bestjoersfoarsitter fan De Friesland, moandei. De Friesland is al ûnderdiel fan de Achmea-organisaasje, mar wol in selsstannich ûnderdiel.
Monissen lit fierder witte dat it oantal klanten by De Friesland stabyl bleaun is. Finansjeel hat De Friesland in goed jier draaid, mei in winst fan mear as 26 miljoen euro. Der is lykwols 36 miljoen euro út de reserve helle om de soarchpreemjes foar klanten leech te hâlden.