Earste moarnsspits op de Heak ferrint sûnder problemen

05 jan 2015 - 11:51

De earste drokke moarnsspits op en rûnom de Heak om Ljouwert is goed ferrûn seit Rykswettersteat. De trochstream fan it ferkear gie sels better as ferwachte. De Heak is al twa wiken iepen, mar troch de fakânsjeperioade wie it relatyf rêstich.

Moandei wie der wol in soad ferkear, mar dat soarge net foar problemen. Rykswettersteat mjit de ferkearsdrokte de kommende tiid om te sjen oft der oanpassings nedich binne. Sa't it no liket hoecht dat foarearst net, ek al binne der wol klachten oer de buorden op guon plakken. Dy soenen ûndúdlik wêze.

De oanlis fan de Heak om Ljouwert hat net allinich gefolgen foar it ferkear, mar ek foar in tal doarpen oan de nije dyk. Sa ynvestearje de Provinsje Fryslân en de gemeente Menameradiel foar miljoenen yn de omjouwing fan Deinum. Dat komt allegearre troch it sluten fan de N31 by Deinum. Dy is troch de oanlis fan de Heak oerstallich wurden en dus ûntstiet der romte foar nije plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)