Shorttrackers sykje nij trainingsplak

05 jan 2015 - 11:37

De KNSB is yn petear mei Hongarije om de Nederlânske shorttrackers dêr traine te litten foar it WK. De shorttrackers traine no noch yn Thialf op It Hearrenfean, mar dizze iishal giet healwei febrewaris ticht yn ferbân mei de fernijbou.

Bûnscoach Jeroen Otter liet dit wykein al witte dat er him grutte soargen makket oer de trainings fan de Nederlânske shorttrackers yn de kommende perioade. De KNSB hat ferskate opsjes, mar is dus foarearst yn petear mei Hongarije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)