Fermiste kat Boris út Amersfoort fûn yn Dokkum

05 jan 2015 - 11:26

Goed in healjier neidat kat Boris út Amersfoort kwytrekke, is er weromfûn yn Dokkum. Krekt foar de jierwiksel koe syn baaske René Melisse him wer yn 'e earms nimme. Melisse wie tegearre mei syn frou in healjier lyn by freonen op besite yn Ie. Wierskynlik is kat Boris doe meireizge yn 'e auto en yn it doarp efterbleaun.

Boris waard ferline wike fûn en nei it biste-asyl yn Dokkum brocht. Troch de chip koenen meiwurkers fan it asyl de eigener efterhelje. Boris wie hiel meager doe't er yn it asyl kaam, mar yntusken giet it wer bêst mei him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)