Bern ferwûne nei ûngelok op A7 by Aldehaske

05 jan 2015 - 10:15

Twa bern binne sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de ôfrit fan de A7 by Aldehaske. Dêr botste in 24-jierrige automobilist op de auto fan in frou fan 45 jier út Sint Nyk. De twa slachtoffers, in 17-jierrige jonge en in 12-jierrich famke, sieten by de frou yn 'e auto.

Beiden bern binne mei nekklachten nei it sikehûs brocht. De bestjoerders fan beide auto's rekken net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)