Oplossing foar sikehûs De Sionsberg yn Dokkum

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum bliuwt bestean. De kurators en soarchfersekerder De Friesland ha besletten dat it nije saneamde Transmurale Soarchsintrum yn hannen komt fan soarchynstelling ZuidOostZorg út Drachten, DC Klinieken en Cardiologie Centra Nederland. Dat sei Diana Monissen, bestjoersfoarsitter fan De Friesland, moandei op de nijjiersgearkomste fan de soarchfersekerder.
Yn it sintrum komt de húsdokterspraktyk, in 24-oeren dokterspost, (spoed)apoteek, thússoarch, âldereinsoarch, diagnostysk sintrum en kardiologyske polyklinyk.