Anneke Douma hast bestellen fan har tas

05 jan 2015 - 09:40

Sjongeres Anneke Douma is sneintejûn hast fan har tas berôve, sa skriuwt se op har Facebookside. Dat barde yn de Grote Kerkstraat yn it sintrum fan Ljouwert. Trije jonges fan in jier as 14 of 15 fytsten dêr en ien fan harren grypte Anneke's tas.

It slagge de jonge lykwols net om de tas út de hannen fan de sjongeres te lûken. Se hie mei kollega Tet Rozendal in drankje dronken yn de stêd om it nije jier te fieren.

Anneke is bot skrokken fan it foarfal, sa skriuwt se op har Facebook. "Vanavond ff een nieuwjaars borrel drinken tesamen met Tet Rozendal.........lopen we in de Grote Kerkstraat...komen 3 knapen van ong. 14 a 15 jaar op de fiets langs, en 1 van die knapen grijpt mijn tas..........is niet gelukt.........maar wat schrik je dan...........snotbongels!!!!!!!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)