Earste echte test foar Heak om Ljouwert

De Heak om Ljouwert is al goed twa wiken iepen, mar moandeitemoarn wie de earste grutte test: de moarnsspits. De nije rûnwei om Ljouwert waard flak foar de krystfakânsje iepene. Om te sjen oft der noch knipepunten yn de Heak sitte, hâlde Rykswettersteat, de provinsje en de gemeente Ljouwert it ferkear dizze wike goed yn 'e gaten.
Mei ûnder oare bluetooth en troch sels ek by de dyk te sjen, wolle de partijen sjen oft automobilisten goed trochride kinne of dat der dochs noch problemen binne. Oant no ta bliuwe files út.