Jorrit Bergsma wint Nederlânske maratontitel

Jorrit Bergsma hat snein de titel pakt op it NK maraton yn Grins. Bergsma naaide healwei de wedstryd út mei Marcel van Ham op sleeptou. Mei help fan syn ploechmaten waard it peleton dûbele. Yn de lêste fiif fan de 150 rûntsjes moasten beide manlju it mei mekoar útfjochtsje. Bergsma wie de rapste en pakte de titel. Gary Hekman wûn de sprint fan it peleton en einige as tredde. Foar Bergsma is it de earste maratontitel op keunstiis. Hy wûn earder wol twa kear de titel op natoeriis en op de Weissensee it iepen NK en de alternative alvestêdetocht.
De winst fan Bergsma wie opmerklik. Hast de hiele wike hie er net op redens stien omdat in búkgryp him lyts man makke. Arjan Stroetinga waard fjirde, mar waard letter út de útslach helle troch de sjuery. Stroetinga krige de reade kaart.