Mariska Huisman wint NK maraton yn Grins

04 jan 2015 - 15:55

Mariska Huisman hat sneon yn Grins it NK maraton op har namme skreaun. In pear rûntsjes foar it ein foel Huisman noch, mar har ploechgenoaten wisten har werom te heljen. Op iisbaan Kardinge einige de wedstryd nei 80 rûntsjes riden yn in massasprint. Huisman wie de rapste, folge troch Irene Schouten op plak twa en as tredde Foske Tamar van der Wal.

Foar Mariska Huisman is it de tredde Nederlânske titel op de maraton. Bêste Friezinne wie Antoinette de Jong. Sy waard sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)