Frijwilligers Blomketerp hâlde holle krekt boppe wetter

04 jan 2015 - 15:43
  • Swimbad Blomketerp

De frijwilligers fan swimbad Blomketerp yn Frjentsjer hâlde noch hieltyd de holle boppe wetter, mar der komt net genôch jild binnen om in reserve opbouwe te kinnen. Mei 80-tûzen besikers yn't jier soenen de problemen oplost wêze, mar dêrfoar komt it swimbad 2-tûzen besikers tekoart.

Om de kosten te drukken wol Blomketerp it bad aanst waarm stoke mei biogas. It draait al hast trije jier op frijwilligers en sûnder finansjele stipe fan de gemeente.

Piter en Marja Bakker bin fanwege har grutte ynset foar it swimbad útroppen ta stjer fan Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)