Bûnscoach shorttrack posityf oer Fryske riders op NK

04 jan 2015 - 15:28
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt is in stik folwoeksener wurden en hat folle mear fertrouwen krigen. Dat seit bûnscoach Jeroen Otter fan it Nederlânske shorttrack team. Snein is de twadde dei fan it NK yn Amsterdam. Neffens Otter makket Knegt folle mear sels de wedstryd.

Earder reagearde hy benammen op wat der gebeurde en brûkte hy de swakte fan de tsjinstanner. Omdat er no dizze stappen makket, prestearret hy folle konstanter, sa seit Otter.

By de froulju stiet Suzanne Schulting út De Tynje nei 1 dei op it twadde plak. Neffens Otter is Schulting in jong talint dy't no echt oan de doar kloppet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)