Twa kear goud foar Knegt, ien kear foar Schulting op NK

Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting ha de earste ôfstân, de 1500 meter, op it NK shorttrack yn Amsterdam wûn. Bantegeaster Knegt is de titelferdigener. Hy liet Freek van der Wart en Daan Breeuwsma maklik achter him. By de froulju pakte de 17-jierrige Suzanne Schulting fan De Tynje de winst. Lara van Ruijven waard twadde, Tineke den Dulk tredde. De 500 meter fan de manlju krige deselde útslach: Knegt, Van der Wart en Breeuwsma. By de froulju gong Schulting ûnderút. Lara van Ruijven wûn foar Rianne de Vries.
Yn it klassemint nei de earste dei hat Sjinkie Knegt de maksimale skoare fan 68 punten. Freek van der Wart en Daan Breeuwsma folgje mei 42 en 26 punten. Lara van Ruijven giet mei 55 punten oan de lieding by de froulju. Suzanne Schulting stiet twadde mei 42 punten, Rianne de Vries is tredde mei 23 punten. Snein stiet de 1000 meter op it programma en de superfinale oer 3000 meter.