Epke: "noch gjin hertkloppingen fan oefening Bretschneider"

03 jan 2015 - 17:46

Turner Epke Zonderland krijt noch gjin hertkloppingen fan it nije flechtelemint dat de Dútser Andreas Bretschneider yntrodusearre hat. Bretschneider lit oan de rekstôk in dûbele salto achteroer mei in dûbele skroef sjen. Hjirfoar hat it turnbûn in nije swierrichheidsfaktor opnaam: kategory H. Zonderland befêstiget dat it in dreech elemint is.

Yn syn tarieding nei de OS yn London hat er it ek besocht, mar it slagge net. Hy sjocht Bretschneider wol as konkurrint en tinkt dat er no tichtby komme kin.

Mar de totaalskoare fan Epke syn oefening is heger troch de kombinaasje fan trije flechteleminten. Hy sil noch besjen of hy dochs noch wer opnij oefenje sil op de dûbele salto mei dûbele skroef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)