Tûzen beammen fuort by Easterwâlde foar N381

03 jan 2015 - 12:55

Sa'n tûzen beammen wurde fan moandei ôf kapt by Easterwâlde. It giet om it gebiet tusken Easterwâlde-Noard en Easterwâlde-Súd. De kap is nedich foar de oanlis fan de nije N381. De dyk wurdt breder sadat der yn de takomst 100 km yn de oere riden wurde kin.

It ferkear sil wol wat lêst ha fan de beammekap. De maksimum snelheid giet tydlik nei 50 kilometer yn de oere. Ek wurdt bûten de spits in rydbaan ôfsletten. Ferkearsregelaars sille dit begeliede. De kap duorret yn totaal sa'n trije wiken.

Trefwurden: 
Easterwâlde N381 beammekap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)