Trijetal oppakt foar fiskstreuperij op de Tsjûkemar

03 jan 2015 - 12:15

Op de Tsjûkemar binne freedtejûn trije minsken oppakt foar fiskstreuperij. De fertochten hienen mei-inoar goed 125 kilo fisk yn harren boat lizzen. It grutste part fan de fisken wie al dea. De noch libjende bisten binne wer yn it wetter útsetten. Ek hat de plysje in grut oantal netten yn beslach naam.

De fertochten, in 20-jierrige man en in 31-jierrige frou út Snits en in man fan 19 fan It Hearrenfean, waarden betrape by in kontrôle fan de plysje. Yn de wenning fan de fertochten hat de plysje nochris 900 meter oan netten yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)