Fjouwer ferwûnen by ûngelok op de Ofslútdyk

By in ûngelok op de Ofslútdyk binne sneontemoarn fjouwer minsken licht ferwûne rekke. In auto kaam tsjin de fangrail oan, begûn te slippen en botste fierderop nochris tsjin de fangrail oan. De auto waard bestjoerd troch in 23-jierrige man út Alkmaar. By him is bloed ôfnaam om te sjen oft er tefolle alkohol dronken hie.
De bestjoerder en de passazjiers, in man fan 25 út Alkmaar en twa froulju fan 23 en 18 út Slootdorp en Stompetoren, waarden allegear nei it sikehûs brocht foar ûndersyk, mar mochten letter nei hûs ta.
De Ofslútdyk yn de rjochting fan Noard-Hollân hat koarte tiid stremd west troch it ûngelok.