Jonges ferniele ruten yn it sintrum fan Dokkum

Dokkum © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Fjouwer jonges fan 15, 16 en 17 jier binne freedtejûn troch de plysje oanhâlden foar iepenlike geweldpleging. Se wurde derfan fertocht dat se ferskate ruten fan winkels yn it sintrum fan Dokkum fernield ha. It giet om ruten fan en skuonwinkel oan de Lytse Breedstrjitte, in winkel oan de Grutte Breedstrjitte, en it eardere gebou fan de Spar supermerk Op de Keppels. Ek ha se in krat bier stellen by in sliter oan de Hantumerwei.
De jonges út Den Helder en Dokkum sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.