Rekôr oantal teams krystsealfuotbaltoernoai KNVB

02 jan 2015 - 19:54

It krystsealfuotbaltoernoai fan de KNVB hat dit jier in rekôr oantal dielnimmers lutsen. Yn totaal diene 923 teams mei oan de foarrondes, dy't de ôfrûne twa wiken spile binne. De grutste groei yn it oantal teams siet yn Drinte. Fierwei de measte teams komme lykwols noch altyd út Fryslân. Sneon binne yn Frjentsjer de finales fan it toernoai foar de jongerein. It krystsealfuotbaltoernoai wurdt dit jier foar de 45-ste kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)