Protte belangstelling 'Bouw mee aan de Sionsberg'

02 jan 2015 - 19:20

Der is in protte belangstelling foar it inisjatyf 'Bouw mee aan De Sionsberg'. Besocht sil wurde mei de befolking fan de gemeenten yn Noardeast-Fryslan in plan te meitsjen foar it behâld fan goede soarch yn it noardeasten fan Fryslân. Der wurde mei alle organisaasjes en ynwenners petearen fierd, en 17 jannewaris komme dan alle groeperingen by elkoar. No moandei is de earste ynrinjûn mei ynformaasje oer it plan. Dit is yn de IJsherberg yn Dokkum.

Trefwurden: 
sikehûs De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)