Sike Bergsma ûnwis foar NK maraton

It noch net wis oft Jorrit Bergsma snein meidwaan kin oan it NK maraton. De twafâldich Nederlânsk kampioen op natoeriis en Olympysk kampioen op de 10 km leit siik op bed. Bergsma is ien fan de kânshawwers om snein de titel yn Grins te winnen. Krekt as eins hast al syn oare ploechmaten, lykas Bob de Vries en Ingmar Berga.
Bergsma wûn it NK op keunstiis noch noait, mar syn ploechgenoat Arjan Stroetinga wol. Hy wûn de titel fiif kear en is dêrmei rekôrhâlder. Boppedat is Stroetinga ek titelferdediger.