Van der Haar wint Sintrumcross Surhústerfean

02 jan 2015 - 16:11

Lars van der Haar hat freed op 'e nij de Sintrumcross fan Surhústerfean wûn. Nederlânsk kampioen Van der Haar wie ferline jier ek al de bêste. Hy wûn mei oermacht en kaam allinnich oer de einstreek. Corné van Kessel koe Van der Haar de earste fiif ronden byhâlde, mar moast doe belies jaan.

Van Kessel waard úteinlik twadde en it tredde plak wie foar Stan Godrie. Van der Haar waard tongersdei noch twadde yn de Grote Prijs Sven Nys yn it Belgyske Baal. Dy wedstriid waard wûn troch Wout van Aert, mar dy wie der yn Surhústerfean net by.

Gosse van der Meer fan Surhuzum wie mei in fjirtjinde plak de bêste dielnimmer út Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)