Frou swier ferwûne troch izeren tried yn Griene Stjer

02 jan 2015 - 15:04

In 34-jierrige frou fan Burgum is op nijjiersdei swier ferwûne rekke nei in fal mei har bromfyts. Unbekenden hienen in izeren tried oer it Griene Stjerpaad yn Ljouwert spand. Troch it tried rekke de frou mei har bromfyts in betonnen peal en foel. Se rûn dêrby in harsenskodding en ferskate kniezings op.

De plysje siket tsjûgen dy't op nijjiersmoarn betiid wat fertochts sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)