Sânde oerwinning foar Marianne Vos yn Surhústerfean

02 jan 2015 - 13:49

Marianne Vos hat freedtemiddei foar de sânde kear de Sintrumkross fan Surhústerfean wûn. De twafâldich Olympysk kampioene skreau de tweintichste edysje mei oermacht op har namme.

Twadde waard in ploechgenoate fan Vos, Lucinda Brand. It tredde plak wie foar Anna van der Breggen, ek út deselde ploech. Vos wie foarôf de grutte favorite. Njonken twa Olympyske titels hat de 27-jierrige hurdfytster ek al 13 wrâldtitels en tsientallen nasjonale titels wûn de ôfrûne jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)