Man oppakt yn Ljouwert om wapens en drugs

02 jan 2015 - 11:36

In 43-jierrige man sûnder fêst wenadres is op nijjiersdei yn Ljouwert oanhâlden foar wapen- en drugsbesit. De plysje kontrolearre de man op grûn fan ynformaasje dy't se krigen hiene. By kontrôle die bliken dat de fertochte trije messen yn de broeksbân hie. De wapens binne yn beslach nommen en de fertochte is yn de sel set.

Op oanwizing fan in tsjûge waard yn in hok in pûde mei himp fûn. Op it plysjeburo bedrige de fertochte in plysjeman. Dy hat dêr oanjefte fan dien. De man wurdt freed heard en der wurdt proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
drugs mes himp wapens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)