Taksyferfier fan Noorderbreedte oernommen troch Klomp

02 jan 2015 - 10:41

It taksyferfier fan soarchgroep Noorderbreedte sil tenei dien wurde troch Klomp út Ede. Oant no ta waard dat ferfier fersoarge troch taksy Witteveen fan De Lemmer. Van der Pol út Harns is de oare ferfierder, dy bliuwt gewoan riden foar Noorderbreedte. Witteveen wol net sizze wat de gefolgen binne fan it ferlies fan it wurk foar Noorderbreedte. In pear moannen lyn binne se ek al it ferfier dat syn dienen foar Alliade kwytrekke.

De oare ferfierder dy't earder foar Alliade ried, taksy Oenema, gie fallyt doe't se dat wurk kwytrekken.

Klomp sil mei tsien buskes it ferfier foar Noorderbreedte fersoargje. Sy kinne dat dwaan mei har eigen personiel dat al yn Fryslân oan it wurk is. Mei-inoar wurkje der tûzen minsken by Klomp. 110 derfan dogge it ferfier yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)