Jonge knapen smite fjoerwurk troch brievebus
Twa jonges fan 13 jier út Snits binne tongersdeitejûn oanhâlden. Sy wurde fertocht fan brânstichting, omdat se fjoerwurk troch de brievebus smiten ha by in hûs oan de Van Hessel Kasselstrjitte. De bewenner skrok fan in lûde knal en fûn yn de hal restanten fan fjoerwurk. De plysje koe de beide jonges opspoare. Omdat se noch mar 13 jier binne, mochten se thús bliuwe, mar se mochten mei gjin minsk kontakt hawwe en moasten de telefoan ynleverje.
De beide knapen wurde freed heard troch de plysje.