Surhústerfean klear foar de 20e Sintrumcross

02 jan 2015 - 06:40

Surhústerfean makket him op foar de 20 edysje fan de Sintrumcross. Op de dielnimmerslist fan de 20e edysje fan de cross steane wer in tal grutte nammen, lykas Nederlânsk kampioen Lars van der Haar en by de froulju Marianne Vos. Sy wûn de cross yn Surhústerfean al seis kear.

It evenemint begjint om 10.00 oere mei in run oer ferskate ôfstannen. Fan 11.30 oere ôf begjint it fytsen mei de amateurs, om 13.00 oere de froulju en de manlju starte om 14.30 oere. De tagong is fergees, mar ek te folgjen op de webside www.omroplive.nl fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)