Syb en Adriana stappe yn it houliksboatsje

02 jan 2015 - 06:28

Syb van der Ploeg is âldjiersdei troud mei Adriana von Bannisseht. Se diene dat yn it djipste geheim, sa meldt de Telegraaf. Syb soe twa jier lyn ek al mei har trouwe, mar doe blaasde hy it feest op it lêste momint ôf. Syb en Adriana krigen ferline jier tegearre in famke. De relaasje mei Adriana wie betiden heftich, yn 2011 bedarre Syb in nacht yn de sel, neidat hy nei in rúzje syn freondinne mishannele hawwe soe.

Syb hie earder relaasjes mei Nelleke en Jenny, mar wie noch net earder troud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)