Vesuvius: gjin stunt, mar presintsjes

01 jan 2015 - 15:54

De jubilearjende Vesuviusklup fan Elslo presintearre âldjiersnacht gjin stunt yn it doarpskafee, mar ferskate presintsjes. De iisklup krige in picknichbank foar by de iisbaan en de kuorbalklup in bydrage foar nije trainingspakken. Foar de bingokommisje fan de âlderein wiene der nije bingoballen, om de âlde fersliten bingoballen te ferfangen.

Al op âldjiersdei krigen alle doarpsbewenners fan 70 jier en âlder thús in bûtentermometer oanbean. De 50 jier âlde klup besleat om yn dit jubileumjier gjin stunt út te heljen.

Mei de presintsjes fan âldjiersnacht is it noch net klear. Vesuvius sil letter dit jier noch in grut tintefeest en in doarpsbarbecue organisearje.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)