Oarsaak brân Makkum noch net bekend

01 jan 2015 - 15:33

It is noch net wis oft fjoerwurk de oarsaak is fan de grutte brân fan âldjiersnacht yn Makkum. Op it yndustryterrein oan de Strânwei gie in opslachloads fan reiddekkersbedriuw Roosma hielendal ferlern. Yn de loads stiene karavans, boaten en auto's, mar ek de spesjalistyske masines dy't brûkt wurde by it reiddekken.

Omdat de masines net daliks ferfongen wurde kinne, duorret it noch even foardat it reiddekkersbedriuw wer fierder kin. Hoe grut de skea fan de brân is - is mei dêrtroch - dreech yn te skatten.

Trefwurden: 
brân Makkum loads
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)