Plysje hâldt njoggen minsken oan yn âldjiersnacht

01 jan 2015 - 13:29

Der binne yn Noard-Nederlân mei-inoar 28 minsken oanholden yn de âldjiersnacht, sa meldt de plysje. Dêrby wiene njoggen oanhâldings yn Fryslân. It gie om ferskate gefallen fan bedriging, fernieling en it ôfstekken fan swier fjoerwurk.

Yn Ljouwert is in man (61) oanhâlden, omdat hy in oare man bedrige. In Drachtster (19) mishannele yn in kafee op de Kaden yn Drachten in jonge út Bakkefean (18). In Arumer (37) waard oanholden doe't hy him skuldich makke oan it ôfstekken fan swier fjoerwurk en oanslutend de plysje misledige.

It rút fan de evenemintehal op De Jouwer soe fernield wêze troch in Jouster fan 20 jier. Ek hy is troch de plysje meinommen nei it buro. In jonge (16) út Boalsert waard oppakt omdat er in doar fernielde oan it Grutsân yn syn wenplak. Nei in rúzje mei syn heit is in man fan 22 jier út Easterwâlde oanholden omdat er klappen útdielde. In Hearrenfeanster jonge fan 19 waard oanholden omdat er in flitspeal op It Helmhout op It Hearrenfean fernielde. De peal wie opblaasd mei swier fjoerwurk.

Yn Ternaard feroarsake in groepke jongerein fjoerwurkoerlêst. Doe't de plysje der hinne gie, sloech in 17-jierrige jonge ien fan de plysjeminsken mei in stikken bierfleske. Hy waard oanholden foar mishanneling.

Ek yn Grinslân binne noch twa Friezen oanholden foar fernieling en fjoerwurkoerlêst. De twa manlju fan 19 en 22 jier út Kollumersweach binne oanholden yn Grins omdat se fan in seistal auto's de spegels fernielden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)