Van der Zwan tefreden oer âldjiersnacht op It Hearrenfean

It Hearrenfean hie yn de âldjiersnacht gjin grut âldjiersfeest yn Feanplaza, mar wol iepen hoareka yn it sintrum. De organisaasje fan it âldjiersfeest yn Feanplaza makke begjin desimber bekend dat it om finansjele redenen net mooglik wie om dit jier in feest te organisearen. Gemeente en plysje wiene altyd foarstanner fan in grut feest.
It nije inisjatyf is neffens boargemaster Van der Zwan goed ferrûn. Hy is dan ek foarstanner om it takom jier wer sa te dwaan.
Yn Eaststellingwerf wie in grut evenemint yn attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea. Dit wurdt al jierren organisearre en dat foldocht de gemeente noch altyd goed. Ek omdat der net safolle hoareka is dêr't de minsken telâne kinne.