Twa klûzen stellen by garaazje op It Hearrenfean

01 jan 2015 - 10:34
  • By it garaazjebedriuw waard in rút iepenslein

By in ynbraak yn in garaazjebedriuw oan de Venus op It Hearrenfean binne âldjiersnacht twa klûzen stellen. By it fuortslepen fan de klûzen waard in ôfsluter fan in grûnpomp rekke, wêrtroch in soad wetter it bedriuw ynstreamde. De dieders kamen it bedriuw yn troch it ynslaan fan in rút. Se naaiden út mei de klûzen yn nei alle gedachten in donkere auto.

Yn de klûzen siet jild en oerskriuwingsbewizen fan auto's. De brânwacht kaam der by om it wetter út it bedriuw te heljen. De plysje ûndersiket de saak.

Hoefolle jild der krekt yn de klûzen siet is net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)