Noar dielt klappen út yn restaurant op It Hearrenfean

01 jan 2015 - 10:13

In man (23) út Trondheim yn Noarwegen soarge âldjiersnacht foar problemen yn in restaurant oan de Kerkstraat op It Hearrenfean. De man kaam om ien oere it sletten restaurant yn mei it ferhaal dat syn tillefoan dêr út syn bûse stellen wêze soe. Neidat de man besocht om de eigeneresse fan it restaurant te slaan, waard hy troch de eigener nei bûten treaun. Dit rûn út op in fjochtpartij.

Beide hiene nei ôfrin medyske help nedich. De Noar waard yn it sikehûs troch de plysje oanhâlden en ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)