Frou springt fan balkon earste ferdjipping nei mishanneling
In 38-jierrige Ljouwerter is op âldjiersdei oanholden yn ferbân mei de mishanneling fan syn 29-jierrige freondinne. De man soe de frou yn in wenning oan de Telemannstrjitte slein hawwe. De frou is oanslutend fan de earste etaazje fan it balkon sprongen. Se rekke dêrby ferwûne oan de foet en moast mei de ambulânse oerbrocht wurde nei it sikehûs.
De fertochte is letter op in oar plak yn de stêd oanholden en oanslutend ynsletten.