Aldjiersstunts yn it teken fan De Lawei
Tradisjoneel hat Fryslân ek dit jier wer in oantal nijjiersstunts. By Frijsteat De Folgeren wie de teloarstelling grut dat de stunt mei de frachtwein fan de postkoadelotterij mislearre. As alternatyf is keazen foar in wein mei stront en in oantal teksten oer it gedoch by skouboarch De Lawei yn Drachten.
Ek yn Nyegea waard keazen foar de perikels by De Lawei. Dêr hawwe se in spandoek fuorthelle by De Lawei. Boppedat waard út Nij Beets in echte lawei ophelle.