Drokke nacht foar Fryske brânwacht

© Ben de Jager, De Vries Media
De Fryske brânwacht hat yn de nacht fan âld op nij in soad drokte hân. Njonken de grutte brân by reiddekkersbedriuw Roosma yn Makkum, moast de brânwacht ek yn aksje komme foar tal fan lytsere brannen. Meldingen fan bûtenbrannen kamen bygelyks út Ljouwert, Jobbegea, Driezum, De Westereen, Snits en Drachten. Ek wiene der in pear lytsere wenningbrannen, bygelyks yn Harns en De Lemmer. Op in tal plakken waarden konteners yn brân stutsen.
Jongeren yn Damwâld setten midden op de de Haadwei in karavan yn brân.
Omdat it om in trochgeande dyk gong, waarden plysje en brânwacht der by helle. Yn Omrop Fryslân aktueel, nijjiersdei fan 8 oere ôf op de radio, sil de brânwacht in taljochting jaan op it ferskaat oan lytsere brannen yn de âldjiersnacht.