Grutte skea troch brân yn loads Makkum

31 des 2014 - 20:37

By in grutte brân oan de Strânwei yn Makkum is âldjiersjûn de loads fan in reiddekkersbedriuw ferlern gong. Neist karavans, boaten en in auto stienen der ek kostbere masines yn de loads dy't brûkt waarden troch it reiddekkersbedriuw. De masjines kinne net gau ferfongen wurde en treffe de bedriuwsfiering.

De brân yn de loads begûn om in oere as acht, wêrtroch krekt wurdt noch ûndersocht. Ferskate brânwachtkorpsen rukten út, ek waard in heechwurker ynset. By de brân kaam in soad reek frij, omwenners waard oanret ruten ticht te hâlden.

Neffens de brânwacht sieten der gjin skealike stoffen yn de reek. It neiblussen sil noch de hiele nacht duorje. By de brân sels rekke net ien ferwûne, mar yn de loads njonken it brânende pân, krige de frou fan de eigneer in doar tsjin de holle. Sy moast behannele wurde troch ambulânsepersoniel.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)