'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra wer op 1 yn Top 100

Gurbe Douwstra stiet mei de Cliffs of Moher wer op it earste plak fan de Fryske top 100. Hy stjit dêrmei it Bûthúsbankje fan de Wiko's wer fan de troan, dat stiet no op nûmer 3. Op it twadde plak stiet 'Fûgels' fan Die Twa.
Johannes Rypma wie de heechste nije binnenkommer op it fyfde plak, mei syn nûmer In Groet. It nûmer hat spesjale wearde foar Johannes en syn freonegroep. It is skreaun foar harren freon Sjoerd Bouma, dy't ferline jier hommels ferstoar.