Mear klachten oer fjoerwurk as yn oare jierren

31 des 2014 - 16:28
  • Fjoerwurk

By de plysje komme âldjiersdei mear klachten oer fjoerwurkoerlêst as oare jierren. Dat hat te krijen mei de nije regel dy't it ôfstekken foar 18.00 oere ferbiedt. De plysje hat de yndruk dat minsken dêrom earder belje. Se freegje de plysje om de jongeren dy't oerdei oan it knallen binne, oan te pakken. Dy ropt faak de help yn de fan oaren, lykas de meiwurkers fan de Stadstoezicht yn Ljouwert. Yn de haadstêd hawwe hjoed 15 tafersjochhâlders op paad west. Ferskate jongeren binne trappearre.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)