Jonge (17) út Ternaard fertocht fan mishanneling plysje

Plysje © ANP
De plysje hat woansdeitemoarn in 17-jierrige jonge út Ternaard oanhâlden, hy wurdt der fan fertocht dat er in plysjeman slein hat mei in bierfleske. De plysje krige nachts in melding dat in groepke jeugd foar fjoerwurkoerlêst yn it doarp soarge. Doe't de plysje oankaam, draafden se fuort. Doe't de plysje ien fan de jonges oanhâlde woe, sloech dy him mei in bierfleske en naaide wer út. Hy foel yn in sleat en draafde fuort. Letter seach de plysje in ploechje jeugd stean, ien fan harren hie gjin skuon oan en hie wiete fuotten. Hy is oanhâlden.
It hiele groepke wurdt heard oer harren rol yn it ferhaal. It giet om jeugd fan 15, 16 en 17 jier.