Himpkwekerij ûntmantele oan de Kanaalwei yn Harns

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitemiddei yn in loads oan de Kanaalwei yn Harns in himpkwekerij ûntmantele. De plysje hie in tip binnenkrigen oer de kwekerij. Yn de loads fûnen se twa romtes mei planten oan. Hoefolle planten der krekt stiene is net bekend. De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape. De loads waard ferhierd, mar der is noch gjin fertochte oanhâlden.