Wer mear besikers foar Natuermuseum yn Ljouwert

Natuermuseum is 'kidsproof' © Ormop Fryslân
It Natuermuseum Fryslân hat yn 2014 opnij mear besikers lutsen. Kamen der ferline jier noch 62.000 besikers, dit jier wienen dat der noch 2000 mear. Benammen de tentoanstellings oer ljippen en oer dinosaurussen wienen populêr. It museum hie jierrenlang in besikersoantal fan om de 40.000 minsken, sûnt in pear jier leit dat om de 60.000 hinne.